Blije 1 – VCR 1 wedstrijdboekje

Hjoed de fyfde spylronde yn de fyfde klasse B. Ferline wike waard der yn de wedstriden fan Blija en VCR omraak skoard. VCR ferlear mei 8 – 3 fan koprinner Lions en Blija kaam mei in 6 – 3 oerwinning werom út Ljouwert by Frisia wei. Dat betsjutte 20 goals yn 2 wedstriden yn dizze klasse!! It betsjutte foar Blija de earste oerwinning dit seizoen en hoe! Yn it lêste kertier waarden der 4 goals makke nei in 3 – 2 efterstân. De 6 goals waarden makke troch fjouwer ferskillende spilers, dat is prachtich fansels. Wat ek moai is dat der noch gjin wedstriid ferlern is, nei 3 likense spullen en ferline wike de earste oerwinning. De lêste wedstriid dy’t yn in lykspul einige wie echt yn de alderlêste sekonde. Nei in bettere twadde helte tsjin Ouwe Syl skeat Dennie op it nipperke de 1 – 1 yn de touwen nei in bysûnder spannende wedstriid. Hjoed de wedstriid tsjin nûmer 5 VCR út Rinsumageast. It ferskil tusken beide ploegen is mar ien punt, dat wy hoopje wer op in spannende wedstiid foar de taskôgers op dizze sneon. Ik winskje spilers, skiedsrjochter en publyk in noflike fuotbal middei ta.

BR